De Kast

De Kast - Oars as at ik tocht lyrics

Your rating:

Hy hie it sa foar eagen, syn paad dat lei al fêst
By alles wat se 'm fregen die hy altyd syn bêst

Neat wie him te folle, alles koe er oan
Hie hy wat yn 'e holle dan die er dat gewoan

Sa koe er hiel goed ride, blonk út yn silery
De wrâld lei foar him iepen, alles hie er mei

Hy woe wol, hy soe wol
Hy fûn en krige altyd wat er socht
Hy woe wol, hy soe wol
Syn libben, it ferrûn sa as er tocht

Syn krêft siet yn syn tinken, de macht kaam út syn geast
Wist yn alles út te blinken, dat ferwûnd're ús noch it meast

Mei de lichtheit fan in fearke en it suv're fan muzyk
Wie syn libben as in mearke, in jongensboek gelyk

Sa soe 't net altyd altyd bliuwe, hast net alles yn de hân
En dreamen dêr 't je yn leauwe bin soms in hantsje fol mei sân

Hy woe wol, hy soe wol
Hy fûn en krige altyd wat er socht
Hy woe wol, hy soe wol
Mar it libben hat him oare dingen brocht

Ik sjoch nei de loft en fyn myn wei
Ik tink net oan moarn en pluk de dei
Dagen dy komme en gean
Mei moanne en sinne

Al woe 'k wol, al soe 'k wol
Ik fûn en krig' net altyd wat ik socht
Al woe 'k wol, al soe 'k wol
It rûn dochs altyd oars as at ik tocht

It rûn dochs altyd oars 
oars as at ik tocht

Al woe 'k wol, al soe 'k wol
Ik fûn en krig' net altyd wat ik socht
Get this song at:
bol.com
amazon.com

Copyrights:

Author: ?

Composer: ?

Publisher: ?

Details:

Language: Afrikaans

Translations: Dutch

Share your thoughts

This form is protected by reCAPTCHA and the Google Privacy Policy and Terms of Service apply.

0 Comments found