Anneke Douma
Anneke Douma - Hoe soe ik net fan Fryslân sjonge lyrics
Your rating:
As lofte-blau yn't wetter spegelt en wolke-skaad oer d'ierde strûst, As ljurke-sang it hert ferheget, de wyn troch blêd en reiden rûst. Hoe soe ik net fan Fryslân sjonge as maitiid wer syn geunsten spriedt, As hiel de grutte Fryske miede fol blommeguod te pronkjen stiet. As freon en frjemd syn frijheid romje en seilen oer it wetter flean', As ljipkes oer de wjokken tomm'lje, hoe soe my't hert net iepen gean. Hoe soe ik net fan Fryslân sjonge as maitiid wer syn geunsten spriedt, As hiel de grutte Fryske miede fol blommeguod te pronkjen stiet. Hoe soe ik net fan Fryslân sjonge en romje´t ynleaf plakje grûn, dêr´t sûnt ûnheugelike tiden it Fryske folk syn wenstee fûn.