Christelijk Kinderkoor Prelude

Wa wit, begjint it wer, mei der wie in kear,
In wrâld fol ljocht en kleur.
In bestean lykas in mearkes, sûnder oarloch en terreur.
It wiene dagen sûnder tiid, mei loften himelblau,
Mei fjilden fris en grien, alles wie ien.

Leave God, lit ús behâlde, wat`st foar ús makke hast.
Wy binne op dizze ierde allinich mar te gast.
Lit ús leauwe yn it libben, litte wy mekoar ferstean,
Sadat ús bern fol goeie hope, nei de takomst gean.

Want sy sjogge ús oan en begripe net, wêrom it tsjuster is,
dat nimmen mear it antwurd wit, op leijen en gemis.
Wêr binn` de freonen jong en âld,
Wêrom waard de ierde kâld,
Wêrom hawwe jim dat dien,
Hurd as in stien.

Leave God, lit ús behâlde, wat`st foar ús makke hast.
Wy binne op dizze ierde allinich mar te gast.
Lit ús leauwe yn it libben, litte wy mekoar ferstean,
Sadat ús bern fol goeie hope, nei de takomst gean. (2x)

Sadat ús bern fol goeie hope, nei de takomst gean.

Musikuss

Submitted by Musikuss at Sat 05 Dec, 2015 4:07 pm

Musikuss

Last updated by Musikuss at Sat 05 Dec, 2015 4:21 pm

Author: Baukje Wytsma
Composer: ?
Publisher: Marista Records
Published in: 2015
Language: Western Frisian
Covered from: Bianca
Available on: In nij begjin (2015)

Reactions

CommonCrawl [Bot]

Follow Muzikum