Bombarje

Bombarje - Pyt lyrics

Your rating:
In reiske mei in boat wa wol dat net,
fan in bytsje rêst hie 'k wol ferlet,
Berichten wiene goed dat gjin beswier,
wêrom haw ik dan no wer wiet hier. 

Op it fytske troch it fryske lân,
alve stêden en in lekke bân,
se seinen tsjin my de kâns op rein is lyts,
dêrom haw ik no in wetterfyts. 

Dat komt troch Pyt, dat komt troch Pyt,
it kin frieze it kin taaie,
rein of sinne by de fleet.
Dat komt troch Pyt dat komt troch Pyt,
Pyt is uze waarprofeet. 

Oft 'k sile sil dan stiet der wynkracht ien,
mar op 'e radio hien' se it wol oer tsien,
dit is gjin tafal mear dit giet te fier,
ik stean no mei de hannen yn it hier. 

Ik kom de doar no ek al net mear út,
it falt my swier mar 'k bliuw by myn beslút,
myn sosjale leven leit no lam,
en Pyt giet mar troch mei syn geswam. 

Dat komt troch Pyt, dat komt troch Pyt,
it kin frieze it kin taaie,
rein of sinne by de fleet.
Dat komt troch Pyt dat komt troch Pyt,
Pyt is uze waarprofeet. 

(it sil bytiden oankrûperswaar wêze, der is sinne,
temperaturen sa'n 25 graden mar op plakken is
it ek kâld en hurde wyn en dan noch de buien,
tidens de buien is tonger beslist net útsluten.) 

Dat komt troch Pyt, dat komt troch Pyt,
it kin frieze it kin taaie,
rein of sinne by de fleet.
Dat komt troch Pyt dat komt troch Pyt,
Pyt is uze waarprofeet. 

Dat komt troch Pyt, dat komt troch Pyt,
it kin frieze it kin taaie,
rein of sinne by de fleet.
Dat komt troch Pyt dat komt troch Pyt,
Pyt is uze waarprofeet.
Get this song at:
bol.com
amazon.com

Copyrights:

Author: ?

Composer: ?

Publisher: Marista

Details:

Released in: 1995

Language: Dutch

Appearing on: Better As Seks! (1995)

Share your thoughts

This form is protected by reCAPTCHA and the Google Privacy Policy and Terms of Service apply.

0 Comments found